Wierewei 7

Wierewei 7 anno 1918

Op de foto steane rjochts Bauke van der Velde en syn frou Jitske van der Meer. Links soan Meine van der Velde mei syn frou Japke Boersma. Op de eftergrűn in boerefeint.

Jitske van der Meer is earst troud west mei Ritske Bergsma. Hja kamen yn 1877/1878 op dizze pleats. Ritske is stoarn 28-12-1888.
Jitske bleau op'e pleats. Sy troude in jier letter mei Bauke van der Velde. Yn 1918 binne se rentenierjen gien en kamen se te wenjen yn Burdaard. Soan Meine kaam doe op'e pleats oant maaie 1934. Doe kaam in soan fan de lânhearre op de pleats.

De foto soe wol ris nommen węze kind yn 1918 doe't Meine op'e pleats kaam.
Jitske har pake Jan Hendriks van der Meer is berne yn 1797 te Wyns. Hy wie in soan fan Hendrik Jans dy't berne is te Wyns 18-03-1770 en der stoarn is 05-07-1806. Wie boer en slachter te Wyns.

Wierewei 7 augustus 2012
woonkaart voorzijde
woonkaart achterzijde

Meer Foto's

naar boven                   kaart buitengebied                 kaart dorp                  kaart Bartlehiem