Wyns 30

Wyns 30

Nummer 30 is al sinds mensenheugenis een herberg / cafe. Begin 20e eeuw droeg de herberg de naam "De Rode Koe" met als embleem een tweetal hoorns zoals op één van de foto's hieronder nog te zien is. In 1832 woonde er Antje Jelles van der Meulen van beroep Kasteleinsche. Ook in die tijd was het dus al een café. Hieronder is een stukje over het cafe geplaatst, geschreven door Tjerk Kinderman, schoolmeester in Wyns van 1952 tot 1983

“Us” Herberch
( en syn bewenners )

Wyns 1747


Út in dia fan in moaie gravure fan it doarp Wyns, sa't it wie yn 't jier 1747 en út ynformaasje fan de Provinsjale bibleteek kinne we opmeitsje, dat der al lang lyn sprake is fan in herberge oan it wetter. Benammen yn it ferline hat it wetter (de Ie) in wichtige rol spile yn it wolwêzen fan it doarp Wyns en yn't bysûnder fan de herberch.
Om 1900 hinne wie it trekskip ferdwûn en foeren de Dokkumer (stoom)boaten. Ien fan de seis oanlizplakken fan de Stoomboattsjinst Dokkum-Ljouwert v.v. wie Wyns. De kastlein hie fanwege it oanlizplak, efter it skourke, frij ferfier fan en nei Ljouwert. Net alinne as pleisterplak foar de (trekskip) reizger, mar ek as “kultureel sintrum” hie de herberch al riklik gau in funksje, tsjûge it folgjende sitaat út it deiboek fan dhr. Arend de Jong silger (de heit fan frou Rignalda – Wypkje):

14 febr. 1899: Heden avond traden hier in de herberg van O.G. Dijkstra op de Friese sprekers H. Rozenga en S. Molenaar. Het talrijk opgekomen publiek bewees, dat hunne voordrachten in den smaak vielen van oud en jong. De grote zaal van de dorpsherberg was overvol. Het programma, dat een 9 tal nummers bevatte, werd onder veel bijvalsbetuigingen uitgevoerd en nog verlengd met Oept en Kekke, als nastukje. Wat werd er genoten, hoe hartelijk werd er bij herhaling gelachen. De uren vlogen om. Op de voordrachten volgde lustig dansen en het middernachtelijke uur was reeds lang verstreken, voordat velen aan scheiden dachten,

aldus A. de Jong, dy fan syn 10-de oant syn 20-ste jier in deiboek byhâlden hat. Mei alle gedachten wurdt mei de niisneamde herberch bedoeld de herberch mei it oanlizplak fan de boattsjinst.
Eartiids moatte der 4 kafees yn Wyns west hawwe, trije wetterherbergen en ien gewoane herberch. Begryplik, want wy moatte net ferjitte, dat it measte ferkear de Ie del gie. Foardat de strjitwegen en púndyken oanlein en makke waarden, hie Wyns dochs in ferbining mei Ljouwert en Aldtsjerk/Oentsjerk, mar dat wie in modderdyk, dat simmerdei koe men der alinne mar gebrûk fan meitsje.

De twadde herberch mei in boppeseal (boppeseal letter ôfbrutsen) stie op it plak wêr't de famylje Nap hjoed de dei wennet. (J.F.:Wyns 42) Dizze herberch hite fan “Veldzicht”.

De tredde herberch moat noch efkes fierder nei't Súden stien hawwe.

De herberch mei in trochreed (doorrit) foar it boerereau (paard en rijtuig) is no it dûbele hûs wêr't de famiyljes Feenstra en Prins wenje (J.F.: Wyns nr 13 en 11). De trochreed op ´e hoeke is ôfbrutsen.

Gelegenheid genôch dus om ris oan te stekken (de dorst te lessen). Yn 1905 komt Hendrik Hiddinga mei syn frou Froukje Bijlsma (pake en beppe fan Frouk Engbrenghof) yn de herbech te wenjen. Der is noch in moaie foto bewarre blean fan de herberch anneks skuorre út it jier 1915, mei de bewenners, wêrfan noch ien yn libben is.  
Cafe 1915

Op de sierlist tsjin de foargevel stie de namme: “In de Roode Koe”.

It is troch de jierren hinne altyd sa west, dat de bewenner(s) fan de herberch (foarhinnne is der mar inkeld ris sprake west fan in kroeg) net alinne fan de herberch libjen koene. Krekt sa as de skoalmasters fan eartiids hiene ek de bewenners fan ús herberch alderlei bybaantsjes. Fan ien fan harren (de fam. Hiddinga) sil ik jim inkelde neame. Behalve kastlein wie Hiddinga ek boer en (kealle)-keapman, foaral by't hjerst. Yn it bûthûs wie plak foar seis ky en jongfee. Yn de Wynser polder hie Hiddinga inkele stikken lân yn gebrûk. Boppedat, hy hannele ek yn fourages. Foar it suteljen mei û.o. lynkoeken (yn dy tiid in folle brûkt feefoer) hie hy de beskikking oer in grutte skou, dy efter de herberch lei yn in sleat, dy trochrûn oant de wei by Joh. Hiemstra (J.F.: Wyns nr 28E). Yn dy sleat stie ek it skiphûs fan master Popke de Groot, dy't hjir stie fan 1921 oant 1931. Dyselde skou waard ek brûkt foar it oersetten fan û.o. de Nicolais (noch altyd feekeaplju yn Britsum) en de postboade, want oan de oare kant fan de Ie stiene fiif huzen dy doe noch by de gemeente Tytsjerksteradiel hearden.

Yn in iiswinter koe it faken tige gesellich wêze yn de herberch. Dan waard de barte útlein nei de Ie en koene reedriders, mei as sûnder redens ûnder yn de jachtweide komme. De doar oan de wetterkant waard alinne brûkt as de Ie sterk wie. Efter de doar wie in portaaltsje. Op heechtiidsdagen kaam der in âlde spielman (Bonne!) út 'e Trynwâlden mei syn ribbelizer (harmonika) om de fleur der yn te hâlden.

Mar ek as der gjin iis wie, koe der by 't winter wakker drok en gesellich wêze. Hast eltse winter wie der dûnsles, (famkes heal jild, fertsjinnen neat). Bonne van der Ko wie opfolge troch de Westra's út Stiens (heit mei twa soanen). En as it oan de toanielútfieringen (in jûn foar trouden en ien foar't jongfolk) ta wie, hie de kastlein it drok: De goudse pipen foar de notabelen waarden foar 't ljocht helle (bewarre yn in houten kistje). De grutte koperen peteroaljelampen moasten folle wurde en troch de dochters fan de kastlein poetst wurde (en dy hiene der net altyd like folle sin oan). De frou fan de kastlein wie drok yn 't spier mei de stoven. It tekoart oan stoven kaam fia de koster út de tsjerke. Earme lju, dy't sneins yn tsjerke waarme fuotten ha woenen, hierden in stove by de koster. Oaren hiene in eigen stove, soms in djoeren ien, mei in ovale foarm en in koperen hânfet. It kastleinske moast jûns foar de tonieljûnen mei in spesjale tange trochbarnd briketsjes yn de têst lizze. Immen dy 't ûnder de toanieljûnen nei it húske moast koe alhiel efter yn it bûthûs op 'e jarrekolk terjochte. By strange froast en hurde noardeaste wyn wie it net alles, om dêr mei 't bleate gat te stean. It paad der hinne wie súntsjes ferljochte.

Doe 't er nei in súdwester stoarm in gat yn 'e muorre siet, is de herberch ferkocht oan Teake (Nicolai) en Wiets. Teake kaem út Burgum en wie timmerman. Yn Wyns die er meast yn betonwurk. Yn de keap waard fereffene it bouwen fan in nij hûs (1928) foar frou Hiddinga troch Teake Nicolai. (Frouk Engbrenghof wennet no yn dat hûs). (J.F. nr. 9). Nicolai hat nochal wat yn de herberch ferklost. Sa waard it skuorke der efterwei brutsen en bouwde hy der in nije serre foar.

Cafe-serre

Efterhûs makke Nicolai betonringen foar reinwettersbakken, linepeallen etc. Winterdeis leine yn 'e herberch geregeldwei sekjes semint en portland tsjin 'e muorre. Teake fûn it net noadich om dy dêr wei te heljen, as der toanielútfieringen wierne.

Jo kinne wol begripe, dat er ûnder it dunsjen fan de “Skotse Trije” op akkordeonmesyk fan v.d. Wal út Ljouwert, alias “De Houten Poat”, want de man hie in stompke, letter in keunstfoet, in wolk stof omheech dwarrele, as der ien hurdhandich tsjin in sek kalk as semint oanbotste. Har, wat hiene we in wille! As de hospes in goed sin hie bestruide hy de planken flier fan de jachtweide mei sjippepoeier om de soalen te smarren.

Nei de fam. Nicolai hawwe Tsjallin (van Slooten) en Hiltsje in jiermannich yn 'e herberch wenne. Van Slooten wie earst (grut)boer yn Oenstjerk, dêrnei kastlein en hynsthâlder op “De Fjouwersprong” yn Gytsjerk en dêrwei is hy nei Burgum gien. Mar as kastlein yn it “Roodhert” koe hy it net bolwurkje. Doe binne hja yn Wyns belâne. De Wynsers hawwe der in goede kastlein oan hawn. Tsjalling wie wat te goed fan betrouwen. Hiltsje woe it de minsken tige nei 't sin meitsje. Nei in feestjûn of in priisútdieling fan “De âld Iewâl” (iisklup) hie Hiltsje meastal in hiele grutte panne mei sop klear makke. Wy hawwe de jûns let gauris mei in achttjin minsken oan it sop siten en tige nei 't sin. Tsjalling hie as bybaantsje monsternimmer foar it molkfabryk. De fam. Van Slooten is ferhúze nei Idskenhúzen, út Hollân kamen hjir Van Os en syn frou Willy. In apart pear. Sy neamde har man Van Os en hy neamde har Willy. Van Os hie gauris in min sin, gjin wûnder, want de man hie in soad lêst fan nierstienen. Yn 'e wike wie hy folle fan hûs. Yn Delft hie hy in baan by T.N.O.

Osje, sa 't juf Stienstra (juf Luts) har neamde, moast yn 'e wike de honneurs waarnimme. Frou van Os wie in guodlik minske, mar no net altiten like skjin. Juf Luts hat in skoftsje by har yn 'e kost west, mar doe 't juf de sprútsjeresten fan in eardere kear yn in skjinne panne ûntduts hat se yn alle frede mar om in oar kosthús sjoen.

As der jûns wat yn it kafee te rêden wie sprongen Tamme en Geartsje meastentiids wol by om te helpen en dan kaam it wol klear. Frou van Os wie beslist net onnoazel, mar dat like soms wol sa. Yn 't begjin tocht se, dat Al dwaende leart men betsjutte: Al wandelende leert men.

En ien fan har buorlu, de man hiet Sipke de Jong, neamde se altiten Sipkema. De minsken fûnen dat wol fermakelik en ha dat moai sa bliuwe litten.

Nei de fam. Van Os wie Halbe Westra de nije eigner fan it kafee. Yn myn deiboekje lês ik, dat Halbe op 3 sept. 1980 ôfskie nimt. Dernei hat de herberch noch ferskillende bewenners hawn.

Nei in yngeande opknapbeurt troch de fam. Miedema kin it gehiel no wer tige besjin lije en kinne de Wynsers en Bartlehiemers der lokkich noch altyd terjochte.


Tjerk Kinderman

Wyns dec 2005

Woonkaart Wyns 30-voorkant

Meer Foto's

naar boven                                     kaart buitengebied                            kaart dorp