Fan Minsken en Huzen to Wyns
 troch Symen Schaafsma



Sijmen%20Schaafsma%20ca%201933.jpg
Symen Schaafsma

Koartlyn is my troch in pear doarpslju frege wurden: hawwe Jo hjir ek in boer kinnen dy ’t Speerstra fan namme hiet. Dizze man hie neffens in skruwen yn it Frysk Lnboubld in kou ferkocht oan Schaap to Readhuzum. Speerstra hat destiids wenne yn in herberch, dy ’t letter forboud is ta in dbel wenhhs, dr ’t nou Jan Feenstra en Tjeerd Dysktra tahlde (nrs. 13 en 11).
Der wiene yn dy tiid trije herbergen yn it doarp: dr ‘t nou Van Os wennet (nr. 31) hie fan namme “De Roode Koe”; hwer ‘t Tamme van der Let wennet (nrs. 42-43) hie de namme “Veldzicht”. Dit wie ek fuortdaliks in buorkerij mei in timmersaek. Yn letter tiitd binne de buorkerij en timmersaek der t gien en is it foroare yn herberch mei wenhs yn de skuorre tboud. Ek de boppeseal is doe fbrutsen.


Wyns nr 42 ("Veldzicht") & nr 44  yn 1970

It wie yn dy tiid fan sterk iis tige drok op de Ie. (Nou ‘t ik dochs oan it fortellen bin, gean ik der noch mar efkes mei troch). As it jouns skimerich waerd, stiene by de barten fan de iisherbergen de baenfagers mei in pong mei in skiltsje der nderoan. It doel wie om fan de lju op de barten dy ‘t t en yn giene in pear sinten te barren.

Yn dy tiid brocht de winter folle mear sterk iis as wy de lste jierren wend binne. As bikenden inoar moeten op de baen, waerd der folle fpraet: wy komme ynkoarten wol op redens oer.
Lit s nou fan it iis oergean op de skoalle en it nderwiis. Foar safier bikend, is de earste skoalle hjir kommen yn it jier 1581. De earste master wie Marten Jabiks. De bileaning fan de man wie net sa botte heech. Hy hie it genot fan it gers fan it tsjerkhf fan ien pounsmiet greide en trije pounsmiet pastoryln. Fan de tsjerkflden barde master alve goune en fjouwer stjren. De skoalle hearde doe oan’e tsjerke. Yn 1611 waerd hy master yn it tichths to Ljouwert.


Ald skoalle

Oan 1632 is der net folle bikend fan de masters.

Yn 1658 wie Jan Durks skoalletsjinder to Wyns. Hy wie fuortdaliks doarpsntfanger en rjochter fan it doarp. Yn 1696 kaem hjir as master Michiel Pieters. Dizze wie net mear doarpsrjochter, dat wie Jehannes Ulbers en drnei Ane Ealses Sinnema, dy ‘t yn 1761 forstoarn is en bigroeven is yn ’e tsjerke. In serk nder de tsjerkeflier jowt dit oan. Neisaten fan Ane Sinnema wienen Ealse en Simen Sinnema. Alle trije hawwe boer op ‘e selfde pleats west.


Yn 1762 waerd Klaes Jans hjir master. Hy barde fan de tsjerke jiers 32 goune en 20 stren. Hy wie ld en earm. Yn 1766 bitanke hy foar syn wurk. De tsjerke moast him nderhalde; hy krige 10 stren en 4 kear njoggen goune en 15 stren kostjild foar him en syn frou. De tsjerke bitelle syn skulden en forkeape syn bytsje hsrie. Yn 1766 komt der in nije master: Rodmer Wyngaarden. Hy krige foar it skjinmeitsjen fan de tsjerke 11 stren en barde yn ‘e maeijemoanne fan it jier 1767 syn earste traktemint fan 16 goune en 10 stren foar in healjier. Hy ferhuze yn dy tiid nei Dearsum.

Yn deselde moanne waerd Hindrik Jans fan Wnswert hjir master. Hy wie dr gjin master. Hy ferve ir skoallehs op en de tsjerkeflden bitellen him1 goune en 2 stren t foar de kochte ferve. It traktemint bliuwde 2 kear 16 goune en 10 stren. Master Hindrik wie ek skuonmmakker en barbier. Op 14 maeije bitelle de tsjerke him 1 goune en 16 stren


Ald Wyns

foar it skuonmeitsjen en it burdskrabjen fan syn ld kollega Klaes Jans. Fjierder oppert hy by it fortimmerjen fan de toer en it skjinmeitsjen fan it rwurk. Hy wie ek kloklieder. De 19e maeije troude hy to Wnswert.

Master hie wol aerdich sinten sa’t it like. Hy barde alle healjierren net sym traktemint: al in kear liet hy 2 jier syn lean stean en koe doe 16 goune barre.

Yn 1780 forhuzet hy nei Raerd, mar waerd dr gjin master wer. Akke Wytses krige 7   str foar it tskrobjen fan de skualle. Simen Sinnema 3 goune en 6 stren foar 12 wike kloklieden en it oppassen fan it rwurk.

De nije master wie Geert Franses Skipper. Piter Japiks barde 6 goune foar it heljen fan master mei syn guod; hy wie skuonmakker. Master Geert wie sa tk net as syn foargonger. Yn 1790 stie al syn hebben en hlden yn ‘e lommert. De tsjerke loste in diel fan wijlen Geert f en bitelle drfoar 142 goune en 12 stren en 14 penningen. By it boelguod brocht it spul nei flutsen kosten 155 goune en 2 stren op. It skuonmakkersark waerd forkocht oan Sipke Jabiks foar 2 goune en 10 stren.

Dizze Sipke Jabiks waerd yn 1791 fst bineamd as master. Boppe syn salaris krige hy noch foar it nderhld fan it grindpaed om it tsjerkhf 7 goune. Yn 1794 is hy forstoarn. Yn itselfde jier waerd Jehannes Jelters (letter Calsbeek) master. Dizze wie fourtdaliks ek skuonmakker, barbier en gaerder fan de bilsting, hwat noch 75 goune opbrocht. Master paste net sa goed op skoalle en waerd op 4 septimber ntslein: hy hie it lste winterhealjier mar gjin skoalle hlden.

Yn de winter fan 1816 waerd oansteld Evert Romkes de Haan. Hy wie skuonmakkersfeint to Snakkerbuorren en learde foar master. Hy waerd hjirfoar holpen troch de master fan Lekkum.



De skoalle wie leech fan fordjipping en mei reid dutsen. De flier wie fan liem hwer ‘t peallen yn stienen mei planken derop dy ‘t as banken en skriuwtafels tsjinst dienen. Op oanstean fan it skoalletaforsjoch waerd de skoalle fornijd en yn 1817 koe master wer bigjinne. De bileaning wie 65 goune mei ynbigryp fan it grfmeitsjen en it kloklieden en skjinhlden fan it paed om it tsjerkhf; it gers fan it tsjerkhf, frije wenning en fan de skoalbern jiers 30 goune kaem de master ek noch to ‘n goede.

Dizze master foldie tige goed en om syn traktemint noch hwat to forheegjen, waerd fan de ynwenners noch 60 goune ophelle. Yn 1819 gie hy lykwols nei de skoalle to Wurdum.
Ta tydlik master waerd bineamd Anker Koopmans fan Snits. Noch altyd wie it traktemint mei alles sa ‘n 120 goune, hwant de tydlike talage wie ophlden doe‘t de tiden minder waerden.

It slagge de skoalleopsjender nei 4 jier oanhlden 75 goune te krijen fan de gritenij. Om reden dat it skoallehs sahwat nbiwenber wie seach master om in oar plak. Yn 1829 forhuzet hy nei Aldebildtsyl. Nou waerdt tydlik oansteld Ritske Tjeerds Veldstra.
Yn 1836 kaem der in nije skoalle en skoalhs. Dr mast de tsjerke 1350 goune foar bitelje. Yn 1836 forhuzet hy ek en wol nei Lekkum. Yn 1840 forliet hy it nderwiis en waerd boer. Syn soan Tjeerd waerd de bikende Fryske toanielskriuwer.

Master Hindirk de Jong t Eastmar waerd nou oansteld to Wyns as master. De skoalleopsjender wie fan plan master nei Tytsjerk oer te pleatsen, mar dit slagge net, master bliuwde yn Wyns. It traktemint wie nou 75 goune, fan elk fan de bern wyks 5 sinten en boppedat in frije wente.

Wyns ca. 1920
Wyns ca. 1920

Hy moast de bern fan it Tichelwurk mei in preamke oerhelje oer de Ie. Yn 1861 hoegden de bern net mear in str oan master to jaen, hwant it lean waerd nou alhiel troch de gemeente bitelle. De tsjerke hlde de 75 goune nou ek yn, mar op oanstean fan de gemeente waerd dit nou joun foar tsjerkewurk.

Yn 1869 waerd de skoalle en it skoallehs oerdroegen oan de gemeente en soarge dy ek foar it salaris, mar de tsjerke moast jiers 50 goune forgoedzje foar it nderhald.
Master de Jong wie oant 1875 haed fan de skoalle.
Ut de oerienkomst mei de gemeente fan 1869 ntstiene procedure, wie it risseltaet dat de “Hoge Raad der Nederlanden” de oerienkomst net jilde liet. In nije oerienkomst wie sadannich dat de gemeente de skoalle kocht fan de tsjerke. Master de Jong bliuwde to Wyns wenjen en wol yn it hs fan Auke en Reintsje (Fennema). Yn 1888 is hy stoarn en op it tsjerkhf bigroeven.

Yn 1907 is de skoalle forboud, der kaem in twadde lokael by. It tal bern wie rom 40. Tichelwurk hie sels in skoalle krigen. Nei master De Jong waerd bineamd F. Eelkema fan Eastermar. Dizze forstoar itselde jier dat it twadde lokael boud wie. Opfolger fan Eelkema wie Nieboer fan Veendam, dy ‘t hjir oant 1915 ta bliuwde. Fan 1915 oan’t 1918 wie Y. Visser hjir master. Hy kaem fan Tichelwurk en forhuze nei Hynljippen. Fan 1918 oant 1921 wie it P. Sinnema fan Jelsum. Hjirwei nei Mounein en drwei nei Aldtsjerk. Opfolger fan Sinnema wie P. De Groot fan Enschede. Hy gie yn 1931 nei Gytsjerk. Dan wurdt hjir master Jager fan Heemstede, hwer’t hy nderwiis joech oan in Montessoriskoalle. Hy giet mei pensioen en hat yn Vught, hwer’t hy troch de Dtsrers slim mishandele wie, syn lste libbensdagen trochbrocht.
Hjirnei T. Poelstra (is wachtjilder). Yn 1940 mei pensioen, J. Posthuma, wachtjilder fan Marrum, giet mei pensioen nei Ljouwert.

Bten de fstbineamde skoallehaden hawwe hjir ek folle tydlike masters west. Sa ek master Uiterdijk fan Readtsjerk. It wie hwat in frjemde hshlding; dat die ek wol bliken doe’t hja mei in part fan de hshlding op sneinoerdei oankamen. Masterske soe thsette en om thwetter to krijen, gie hja nei in houten pomp. Under it pompen seach hja wol dat der brn wetter kaem, mar it wie dan ek in jarrepomp.

Dizze oantekens binne foar in part helle t de Burgumer krante, hjiryn skreaun troch master Sannes mei bihelp fan dmny De Nie. Dizze hearen hawwe it archyf fan de trije tsjerkefldijen, Oentsjerk, Gietsjerk en Wyns neisneupt.

Nou noch fan alles oer it lde doarp, dat yn earder tiid mear yn oansjen west hat as hjoed de dei. De namme Wyns is flaed fan Weingi of Weningi, neamd nei de earste biwenners.

Yn de jierren 1500-1610 hlde de grytmannen fan hiel Eastergea hjir har byienkomsten. De tsjerke is yn +/- 1200 op in terp boud. De kanten fan ‘e terp binne fgroeven, hwat nedig wie foar it oanlizzen fan de dyk. Om it hiele tsjerkhf roun in sleat. Der wiene twa tagonen, op de sdwest- en op de noardeasthoeke.

De skoallefamkes wiene faek op de grfstiennen oan it bikkeljen. It dbel hs dr’t Dupon yn wennet is yn 1903 boud. Foar dy tiid stie dr ek in dbel hs mei oan de noardkant in oanboude turfloads foar de earmen fan it doarp. De loads wie sa’n twa meter breed en sa lang as it hs. Der hat ek al tydlik in hshlding yn wenne: it wie in hs fasn de earmfoudij, it saneamde earmhs.
Oan de iene kant wenne in skuuonmakker dy’t mei twa krukken roun. Syn iene foet wie koarter as de oare. Op in kear hie hy in ngelok hwerby hy de koarte


Tsjerkhf

foet ek noch briek. Doe de dokter him spalke hie sei Bouke, sa wie syn namme, “Nou sil ik wol op bank moatte.” “Weln”, sei dokter, “Jo springe mar fuort, de foet hat neat to dwaen mei jou krukken.”
Bouke skuonmakker hie noch al in greate hshlding. Akke, ien fan de fammesbern, meastal neamd Akke skoech, koe der wol hwat mei. Doe’t der ien fan master Eelkema syn dochters troude, wie der de jouns great feest, fjrwurk en in barnende tartonne op it skoalhiem. Wy as bern fansels foaroan en wy waerden net forgetten hwat de traktaesjes oangienen. Sa krigen wy .o. ek in greate kop mei brandewyn en resinen en in leppel deryn. Akke wie ien fan de earsten dy ‘t de kop yn’e hannen hie en doe naeide se der hurd mei t. Wy der efteroan, mar Akke wie nergens to finen. It bliek dat hja yn it hske gien wie en de hskedoar op ‘e heak dien hie. Doe’t hja der wer tkaem wie de kop leech en Akke stie net sa fst op fuotten.

It wie stfst brktme as der in bruiloftsstoet werom kaem fan Burgum, dat wy as bern de jongelju mei blomkes bistruiden, dy’t wy al lange tiid fan to foaren socht hienen. De brgeman bileanne s dan mei it struijen fan losse sinten.

De boerehzing fan Lammert Hotsma (nr 49?) stie alearen oan de Ie. Yn it ln fan Sipke Veenstra dat oan de Ie leit, wie in dobbe. It plak dr’t de dobbe wie hat lange tiid to sjen west. As by in droege simmer de reinwetterbakken leech wiene, hawwe wy dr wol wetter thelle.
By it hs fan Rom en Durkje (nr 46) wie alearen in sktmakkerij. De baes drfan waerd altyd Jan sktmakker neamd. Hoe’t syn achternamme wie is my net bikend. Romke Haima wie fan jongsfoan slachter fan birop. Letter waerd hy koumelker en brkte hy ek noch hwat ln. As jongfeintsje hiene hy en syn maet yn’e aeisikerstiid in ljipaei foun. It soe de oare moarns mei de karrider nei Ljouwert om forkocht to wurden.It wie sa’n great ljipaei, dat hja tochten, hja soene der wol aerdich hwat foar krije. Mar dat kaem oars t. De karrerider hie der trije sinten foar bard en hy moast in stjr fracht hawwe. It ljipaei wie in skriisaei.

De boerehuzing fan Aris van Dam wie alearen fan it kop-hals-romptype. De foarein is yn 1911 foroare yn in dwershuzing. De skuorre is yn de foarige ieu fornijd. De juffers dy’t der op lizze binne skyld troch Johannes Bil, doe’t hy in great jonge wie foar ien sint it stik, hat hy my wolris forteld. Yn de achterein wie yn de muorre by de skuorduoarren in stien ynmitsele mei in kou der ynbeitele mei it jiertal 1619 en de witte kou. Mogelik is yn dat jier de earste huzing boud. De huzing hiette fanlds “Wyniastate”.

It hs fan Piter en Griet (Huizinga) wie alear in buorkerij mei winkel. Ek klompen wiene der to keap foar 16 stjuorren, greate jonges- en frouljusklomepen en ent to forjitten, ek sterke drank. Dat wie yn folle huzen destiids to krijen. Sa ek op de sdein, hwer’t alear ek in bakkerij wie. Dizze hie namme fan “Ald Kanne”.

It hs fan Hendrik en Pytsje (Regeling) (Wyns nr. 38) wie “de Klimmerbeam”.


De Klimmerbeam

It hs dr’t Albert en Afke (Kleinsma) yn wenje wie yn de roomske tiid de pastorij fan de pastoor. It stiennen paed nei de tsjerke hat lag to sjen west. De lste pastoor wie Sixtus Alexander. Hy leit yn de tsjerke bigroeven, tsjinoer de preekstoel.

It hs fan Geert en Jeltsje Sjoerdsma (Wyns nr.8) is boud foar buorkerij troch immen fan namme Tiesema. Ek hat der in ferver yn wenne. Hy kaem fan Kollum, hwat oan syn praet noch skoan to hearren wie. Hy koe soms sterke stikken fortelle. As bern koene wy s dr tige mei formeitsje. Doe’t hy foar it earst in fyts krigen hie, fortelde hy dat er yn tsien minuten fan Wyns nei
Ljouwert fytst wie. Dat gie s stf gench, “mar”, sei hy, “dan vloog het voorste wiel ook tweemaal zo hard als het achterste”. Jawol, seine wy, dan wolle wy it wol leauwe. Sa hie hy ek ris dreamd: “het was allemaal goud op de tafel en ik su it gripe en fut was it”. De earste joun dat it nije ljocht by him yn de keamer barnde en hy op bd soe en de lampe tblaze woe: “kon hy dat ferrekte ding nooit tkrije, as su ik op ‘e kop staen”. – Ik bin wol fan tinken dat de greate minsken safolle net oan myn forhaeltsje fine as wy as bern.

Myn reizen as jonge nei de ambachtskoalle wiene faek net maklik. It binnenpaed nei Lekkum wie doe net sa’n bst paed, it gie samar troch it ln folle tiden. Moarns kertier foar sawnen fan hs en acht re yn de Speelmanstrjitte en seis re de jouns t skoalle en kertier oer sawnen ths. It is ek alles bard dat ik yn it ln fan Ulbe Noordenbos oer in skiep stroffele; ik kjel en it skiep kjel. Dr wiene gjin bslantearnen en fytslampen, sadat ik soms muoite hie om fan de swarte wei op de Lekkumerdyk to kommen.

Wy hiene jiers ek in feestdei yn it doarp foar skoalbern en greaten; letter is dat foroare yn twa dagen. De spultsjes wiene dan kpkestekke, ringfytse, sprytrinne, hurdroeije, ensfh. It waerd meastal op ‘e dyk hlden (forkear wie der hast net), tsndere it roeijen fansels, dat wie tusken Van Os (nr 30) en Van der Let (nr 42) yn de Ie.

As greatste skoalbern hawwe wy ek ris mei in hynstespul west fan Cohen. Dat stie yn Mounein; dit wie in hiel feest. De griene lnne del, oer it mienskot nei Oentsjerk en sa nei de Mounein. Yn it hynstespul seagen wy s de eagen t de holle. Dr wiene .o. twa hynders, fierder in pear hounen en in aep. Ien fan de hynders koe ek telle. De baes fan it spul telde oan tsien ta en dan by elke tel stampte it hynder mei de foarpoat op de groun. Wy founen it geweldich.

Maeitiids ljeppe, aeisykje, snoekestrpe: in keep yn de boppeein fan de polsstk en droan in fyn kopertried mei nderoan in strp. Yn de sleat tusken de dyk en de skuorre fan Jan Kaastra fongen wy in kear mei de strp in snoek fan amper fiif poun.

Simmerdei moasten wy nei it fraechlearen yn de tsjerke. Der wiene trije klassen. De feintenen fammen, dan de saneamde posters en skoallebern. Wy moasten om de beurt hwat wy leard hiene t it boekje opsizze. De dmny, Itersen fan Oentsjerk, wie al in ld man en hy makke him net sa drok mear. “Nu Reinder, laat jij eens horen wat je geleerd hebt”. Reinder wie al earder nder de bank krpt, hwant hy hie neat leard en de bern seine: “Reinder is er niet dominee”. “Dan maar de volgende” sei de ld man. De lste dei fan it fraechlearen kaem Jurkens Doutsje mei in earmkoer mei koeken yn de tsjerke. Wy krigen dan elk in koeke, dy’t s op ‘e earm fstboun waerd. Der miste sa’n kear net ien fan de bern en allegearre koene se de fragen dy’t dmny die, goed bianderje.

Der wie ek in plysje yn it doarp, dy‘t Sant hiet. Hy hie, lykas folle boargers ek in baerch. Op in snein-to-joun helle it jongfolk de plysje syn baerch t it hok en lieten de baerch op’e dyk rinne. De jongfeinten giene nei Sant ta en seine him dat der in baerch op’e dyk roun. De plysje frege harren oft se him helpe woene de baerch yn’e skutstl to krijen. De oare moarns moast Sant syn eigen baerch wer ophelje.



De smidterij

Baes Smit koe op in moandei-to-moarn it fjr op de smidte net oankrije. It wie ien stik reek yn de smidterij, op de solder, yn de keuken en de keamer. Jongfeinten hiene in plaet stiel op de skoarsstien lein, sadat de reek der net tkomme koe. Baes wie hjir min oer to sprekken en doe’t Pibe fan greate Durk
in dei as hwat letter in boadskip hie fan syn broer oan de smit, moast hy noch hwat hearre dat lang net noflik wie.

Oan de Stienserfeart leine twa stikken btln yn de saneamde “Geldersehoek”. By sterk iis waerd der folle hurdriden hlden, troch de iisclub “Iewl”. Om’t it lniis wie, wie it gau to brken. Yn de omlizzende doarpen wie net folle of gjin gelegenheit to riden. Der waerd dan ek folle gebrk fan makke. Foaral sneins koe it der drok wze. Jouns rounen de herbergen fol. It is my al ris forteld dat de lege jildpongen moandei-to-moarns oan de Stienzer brge hongen.

Op Tichelwurk wie it tiisdei-to-jouns sjongen, fan it troch master Veldkamp oprjochte songselskip. Veldkamp hie nderwiser to Stiens west en waerd haed op it Tichelwurk. Doe’t master forhuze nei Hijum waerd hy opfolge troch master Van der Wal fan Holwert.
Nei master Van der Wal kaem master Braaksma fan it Ameln. Tidens master Braaksma is it mei it sjongen dien rekke. De oarsaek sil wol west hawwe dat der to min bilangstelling foar wie.


Sjongselskip T.O.G yn Paterswolde ca. 1928

Alle jierren die it sjongselskip in reiske mei de boat en dan fansels musyk mei oan board. Sa hawwe wy ek ris west nei Olterterp. Oan Drachten ta farre en doe nei Olterterp ta rinne. Underweis wie s spielman Bonne fan Gytsjerk mei de harmoanika op de boat yn sliep fllen. Ek hat de reis al ris nei Amsterdam west. Dr waerd it Ryksmuseum bisjoen en ek Artis en op de joun nei Flora. Wy sliepten nachts yn it hotel yn de Warmoesstrjitte. De sliepkeammerkes wiene net oan boppe ta fskut, sadat it barde dat ien fan s maten oer it sket klautere en sadwaende krige syn buorman in bysliep. Ek ien koe syn hege board net fkrije. Dan der mar mei op bd; de oare moarns hoegde hy de board net om to dwaen. De oare deis Amsterdam bisjen en mei de trein wer nei Ljouwert ta, hwer’t de boat klear lei om s nei hs to bringen. It hiene in pear moaije dagen west.

Wynzermoune ca. 1900

Yn 1871 is de Wynzer moune boud, doe’t ek de polder mei de mar droech lein binne. De mar stie bikend dat der folle fisk yn wie. Foar safier bikend, wie der oars gjin mealderij as in jasker, dy’t twa gewinten ln ten sdwesten fan de moune stie. Yn letter jierren is ek de pleats fan Peenstra yn de polder opnommen en koe de moune dr forfalle. Foardat de polder der wie koe men mei heech wetter mei in skou oerfarre nei Aldtsjerk. It is al ris bard dat op de weromreis by slim mistich waer twa mnlju mei de skou by de Kanterlnse dyk bilnnen.
Ut de Moark rounen fearten yn it ln op, sa as de Aldmear, de Offemear, de Ulemaer en de Pierefeart. Dizze fearten stiene foar wetterffier en oanfier fan terpsmodder. De moddersktsjes leine al folle yn de Moark en mei preamen waerd de modder flotte en op it ln kroade, dr’t it wze moast.

De dyk nei Birdaard en dy fan Ljouwert oer Lekkum en Miedum is oanlein yn 1866. De oannimmer wie Boetser. Hwer’t hy weikaem is my net bikend. De dyk wie oars net as in modderreed en roun om de buorren hinne. Oan de eastkant wie it noch in terp. Doe’t de dyk forhurde waerd kaem hy dr ek lns en roun doe rjochttroch.

De oannimmer kaem wyks ien kear mei hynder en sjees op it wurk. Hy hie dan in sek mei jild by him om it wurkfolk t to biteljen. Papierjild wie der doedestiids noch net. Foardat de pndyk oanlein wie, wie de trekwei de rydwei nei Ljouwert ta. Fan dr dat der noch al hwat huzen oan stiene, sa as op Tichelwurk en Bartlehiem.


Hjir to Wyns stiene alear seis huzen oan de trekwei. Ien drfan wie in stelpke mei in doar nei de trekwei ta. Hjir wenne Jan Durks, in man dy’t it net sa krekt naem mei it "myn en dyn". Hy hie de lanhste tiid yn it 
it tichths tahlden fan syn libben.

VHM01.jpgHuzen oan de trekwei

As der by’t hjerst skiep jouns de wei lns dreaun waerden, dan helle Jan der wol ris ien t de keppel, handich troch de doar en yn de kong en de doar ticht, dy’t hy foartiid al op in kier set hie. Ek barde it wol dat hy in skiep mei de kop troch de hikke triuwde en dan tsjin de boer sei: “Ik wit net boer oft de boer it wit, mar der hat him ek in skiepke yn de hikke forhongen”. Hy krige dan wolris de tasizzing dat hy it wol ophelje koe. De boeren hlden Jan graech ta freon, oars moesten se it dochs letter wer bilije.
Yn de Ljouwerter krante stie op 7 maert nder it stjerke 100 jaar geleden, inbraak te Finkum: de dief had kans gezien 130 pond gerookt spek, rookvlees en 4 gerookte koetongen mee te nemen; gestolen door iemand van Wijns. De dief wie dyselde Jan Durks.
De huzen en ek forskate stikken ln oan de westkant fan de Ie hearden ek oan Wyns. Yn de bisettingstiid is dat foroare, it is nou Tichelwurk nder Stiens.
De boerehuzing dr’t Jan van der Meer wennet (Wyns nr. 4) is yn letter tiid ek oan de dyk boud. De ld pleats dy’t tige min wie en “de le” neamd waerd, stie tusken de ld lemear en de wlddyk.

Op de hoeken fan de trekwei stiene de saneamde rolpealen hwer’t de linen foar it lken oan de btenkant om lein waerden, om it skip yn de goede gong to hlden. Op de trekwei wiene ek inkelde tolhekken. Yn de tiid dat de trekwei der kommen is, kamen ek de trekskippen mei de peardersjonges fan Ljouwert nei Dokkum en Hallum. De Hallumertrekwei is oanlein troch partikulieren fan Hallum. By de moune fan Theo en Jantsje (Weima) wie in tolhek. Foar it nderhald fan de hynders wiene twa stikken ln biskikber steld en in hynstestl op Kamstrabuorren. Disse stl hat noch lang yn takt west, hy mocht net forfalle.

De peardersjonges kamen de wyks nei nijjier by de huzen lns en blaesden op de hoarn mei it doel de biwenners nijjier to winskjen en sa mooglik in jefte to krijen. Sa kamen der ek sa nou en dan in stik as fjouwer musykmannen op it skoalplein. Nei frin waerden der sinten ophelle. It wiene musikanten t Ljouwert en se waerden troch de bern blaespoepen neamd.

Doe’t de trekskippen har tiid hawn hiene trochdat de stoamboaten kamen en se it dr net tsjin hlde koene, hat men it noch ris prebearre mei in soarte fan skippen dy’t lichter farre koene, mar dezze moasten ek ridlik gau bilies jaen tsjin de boaten. Dizze lichtere boaten wiene de saneamde “bessies”.


Admiraal Tromp yn Dokkum

Der fearen fan Ljouwert nei Dokkum twa kear deis twa boaten, de “Tjerk Hiddes” en de “Tromp”. Dizze boaten wiene haedsaeklik ynrjochte foar passagiersforfier. Yn it midden fan de boat wie in biheinde romte foar lytsguod. Foar yn de boat wie de earste en achter de twadde klasse. Yn de earste koene de passagiers foar tiidsfordriuw damme, dmnyshoutsje en kine. Der hat in tiid west, dat der freeds in fyftjin boaten troch Wyns fearen. Alle doarpen om Dokkum hinne hiene in boat. Dokkum en Kollum hiene elk twa. Soms hiene de boaten in pream mei kij der achteroan. De boat fan Birdaerd hiet “de Noordfries”. Dizze hat ek lang tiisdeis nei Snits fearn. Fierder wiene der noch de Hunzeboaten en de “Koophandel”,dy’t fan Grins nei Amsterdam fearen. Dan kaem de Ie noch lns “de Twee Provincies” van Hoogezand t Grinsln. Fan Hallum nei Ljouwert fear al ridlik gau in boat dy’t “de Lucifer” hiet en tsjinst moast foar frachtguod. Dizze hat net lang fearn, om’t hy to lyts wie. Al dizze boaten joegen folle drokte op it wetter, binammen freeds. Ek t Trynwlden kaem soms f om mei in boat nei Ljouwert ta brocht to wurden. Dan wiene der noch de turf- en modderskippen en folle oaren. As jonges hawwe wy de houtflotten de Ie noch wol delfarren sjoen. It wiene dwersoer keppele beamstammen mei elk in lingte fan fjouwer of fiif stammen. It flot waerd lutsen troch in sleepboat en om it bistjr der yn to hlden, wiene der twa man op, elk mei in kloet.

Dan kamen de Ie noch lns de saneamde Dtske preammen. It wiene lompe skippen mei in platte boaijem en oars siet der net folle model oan. Wy as jonges rpen dan “dtske poepen binne sa djr, fiifentweintich foar in str, fiifentweintich foar in kwartsje, hwa wol mei dy poepen boartsje”. As de skippers oanstalten makken oan wl to kommen, wiene wy samar withwersanne.

Foardat de Ie slotten is, in 1855, wie it net mear as in rivierke. Njonken it ld skoalplein wie in saneamd “waed” troch de Ie. By droechte koene de weinen troch de Ie ride.

Op 25 maert 1943 binne de twa klokken troch de Dtsers t de toer helle. De greate klok wie fan it ier 1928 en de lytse fan 1711. Beide klokken binne net werom kommen. Mei in rykstalage en jeften fan it doarp en omkriten wie der safolle jild byinoar dat wer twa nije klokken komme koene. Klokkejitter Van Bergen to Heiligerlee, hat der foar soarge dat hy yn 1948 wer twa klokken yn de toer oanbringe koe. De kosten fan alles meielkoar bidroegen fl. 2628.25.

Tidens de earste wrldkriich moast de tsjerke in stik greide omskuorre neffens de troch it regear opleine saneamde ‘scheurplicht’. Dit waerd fjouwer pounsmiet oan de westkant fan de Ie en it waerd forhierd oan de foriening fan doarpsbilang. Der kamen 19 folkstntsjes op. Yn it earstoan wie hjir wol fraech nei, letter waerd it hurd minder, sadat it yn 1964 wer ta greide makke is.
Yn de bisetting troch de Dtsers binne oan de westkant fan de Ie inkelde gewinten ln en huzen by Ljouwerteradiel kommen. De pleats fan R. Talsma en it hs mei buorkerij fan A. Fennema hearre nou nder Tichelwurk.
It jongfolk en ek wol trouden pielden folle mei piksjitten en streekjesmiten. It buartsjen fan de bern  wie folle petsjebalje, hazzeboartsje, potsjesjitte, pompe mei knikkers en it earder neamde bikkeljen fan de famkes en it heinebaljen. In moai spul wie it “doekjebeleggen”. Der waerd in greate kring makke fan jonges enn famkes. Ien fan harren kaem yn de kring to stean. Ien t de kring moast in doekje achter ien fan de maten falle litte nder it sjongen fan: “Doekje beleggen, niemand zeggen, kijk voor je, kijk achter je, kijk aan beide zijden, ik laat het doekje glijden”. D6er it doekje fallen wie moast dyjinge dy’t dr stie him of har tikje dy’t it doekje flle litten hie, foardat dizze wer op syn of har plak wie. Slagge dit net dan moast hy of sy yn de kring stean gean.
Dan wiene wy nochal folle oan it “skiep en wolf-boartsjen”. Op ien ein fan it skoalplein stie in rigele bern, op it oare ein ien jonge, de hoeder, en dr tusken yn, de wolf. Der waerd dan roppen: “Herder laat je schaapjes gaan, ik durf niet, waarom niet? Om de ruige wolf niet. De ruige wolf zit gevangen tussen honderd duizend tangen, tussen zon en maan, herder laat je schaapjes gaan”. As de wolf ien to pakken krige moast hy de wolf wze.


Nije skoalle fant de toer 1956

Nou fan alles noch hwat en dan hlde wy der mei op.

Bouwe fan Wessel en Eva ( Bouwe Ringnalda) wie oan it berm swyljen. Op iens hearde hy hwat en doe’t hy opseach, kaem der mei gns lawaei hwat oan op de dyk. Hy smiet de harke del en roun sa hurd hy koe by Boonstra yn de skuorre. It wie de earste auto dy’t Bouwe seach.

Hallbe Snoek hlde tige fan egewearjen en hnjen. Hy hie der tige slach fan om rzje mei jin to krijen, mar hy wie ek gau wer goed. Hy hie op in kear rzje mei Klaes de Vries, faek neamd Klaes Dop. Klaes jow Halbe in opstopper mei in juk
dat hy by him hie. “It moat net mlder wurde”, sei Halbe, “nou slachst my mei myn eigen juk op hd”. Klaes hie it juk fan Halbe leind, mar noait werom brocht.
It wie lvestddentocht en Halbe en oaren stiene op de wl der nei to sjen. In frommes dat gjin hurdrydster wie sa to sjen, kaem de Dokkumer kant t wei. “Binne Jo Martha Himminga?”sei Halbe tsjin har. “N”, sei it minske. “Oh”, sei Halbe, “oan it riden to sjen tocht ik, sjoch”. Martha Himminga wie destiids in bikende hurdrydster. Tsjin in Hollanner, ek in lvestddenrider, sei hy: “Jo komme foar moar-to-joun wol to plak mynhear.” De man bliuwde stean en sei: “Wat blieft U?” “Ik segde mynhear, Jo ride mar bst, mynhear”, sei Halbe.

Hjerstdeis wie it bargeslachtsjen by de boer. Dit wie ek in hiel barren. Omwenjenden en goefreonen wiene de meastal by. Der waerd dan ret hoe swier de baerch wie. De nammen fan de meidoggers waerden op in doar skreaun en it sifer efter de namme. Elk dy’t meidie moast in str bitelje en dy’t it neist oan wie krige de hiele pot.
Freed op ’e weromreis t de std wie der faek nochal hwat hinne en wer gepraet op de boat. De hofmeester mient dat der yn Birdaerd mar twa goede boeren binne. “Hwa binne dat?”, frege ien fan de boeren. De hofmeester, in Dokkumer, seit: “Och, maak je maar niet ongerust Hettema, hwant jo binne daar niet by”.

It doarp hie ek in fste turfskipper, dy’t hjir ek syn domisily hie. Hy hiet Kobus van der Schaaf en wie ek in Wynzer fan komf. Hy is yn Gelderln stoarn en leit yn Hattum bigroeven.
Yn earder tiid waerden de baelder turf net teld, mar gie it by de tonne. Hwat mear de tonne skodde waerd, hwat meatr tuven der yn giene, sadat de hn der wol ris hwat mei licht waerd.

Yn de tiid dat master Jager hjir wie, hawwe wy hjir it elektrisch ljocht, of sa’t wy destiids seine, it nije ljocht, krigen. De frou fan Jager wie in suster fan notaris Bylsma syn frou, fan Frentsjer. Mr. Bylsmna wie lid fan de Steaten fan Frysln. Doe’t dizze him foar de saek spande, krigen wy ridlik gau it elektrysk yn it doarp. De forljochting btendoar wie: trije petroleum lantearnen, dy’t alinne by tsjustere moane barnden.

Om hjir wetterlieding to krijen, hat gns fuotten yn ierde hawn. Der binne troch de bistjrsleden an doarpsbilang folle reizen makke nei it kantoar fan de wetterlieding op de Nieuwe Weg to Ljouwert, mar altyd snder fortuten.

Yn 1955 is der in nije skoalle kommen. It wie it doel om de skoalle to forsjen fan grounwetter, mar om’t der nei lang boarjen gjin goed wetter to finen wie, koe it net oars of de gemeente moast ta de I.W.G.L. forfalle en sadwaende krige ek it hiele doarp de wetterlieding; doe wie it samar gjin nrendabel gebiet mear.

Wy binne nou oan de tsjinwurdige tiid ta kommen, sadat it eardere barren foar it greatste part oanhelle is.

Wyns, oktober 1967                                                                             S. Schaafsma.


regenboog.jpg
Wyns eastd

Taheakke:


Oan wjerkanten en by it bigjin fan de griene lnne lizze twa fgroeven terpen, ek wol wieren neamd. As jonges hawwe wy dr folle brandtsjes makke fan rusken en oare rchts. Ek waerden der eine-aeien, slob- en tjillingaeien foun.
By de huzing fan Jan Bergmans wie ek noch al in mnske terp. Dizze is troch omwenjende boeren fgroeven en forriden.

As de iisklub in riderij hlde fan leden, dan wie der altyd folle bilangstelling. It gie der soms ek wol ris hwat nuver om wei. Jan Boersma hat noch ris ien loop woun fan syn tsjinstanner. “Ja”, sei hy, “en nou moast ik ek noch ris de redens goed nder hawn hawwe”. Hy hie se nammentlik forkeard  nderboun, mar troch syn greate spierkrft koe hy de loop noch winne.
Doe’t de earder neamde Akke forneam dat se har tsjinstanner mooglik net to goed hawwe koe, gie se fier oer de middenstreek en kaem sadwaende yn de forkearde baen en bliuwde foar har tsjinstanster triden. Akke wie it earste op’e ein, mar de loop wie net jildich.



Ut: “Voorlopige lijst van monumenten Provincie Friesland”.

De N.H.-kerk (H. Vitus) 1200 gebouwd van grote moppen, later verhoogd en meermalen hersteld, bestaat uit een schip, een versmald 5/10 gesloten koor en een vierkanten toren met zadeldak.

De zuidmuur is gepleisterd en met klimop begroeid.

Op de hoeken der koorsluiting dunne ronde isenen rustend op een versnijing van profielsteen. Aan de noordzijde een korfbogige ingang overdekt door een puntboog. De toren gedeeltelijk bepleisterd en met kleine steen ommetseld, heeft tegen de noordzijde een later aanbouwsel. Inwendig: houten tongewelf met trekkalken muurstijlen, korbeelen en geprofileerde sleutelstukken (XVIa). De kerk bezit: een eenvoudige eiken preekstoel (geverfd); een doophek met gedraaide balusters; een zilveren avondmaalsbeker (1644) met opschrift (merken: Leeuwarden, N. en J.M. = Jan Melciers Oostervelt); twee klokken, waarvan n in 1711 gegoten door Petrus Overney en n in 1807.

Interieur kerk rond 1970


Ut: “Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden” door A.J. van der Aa.

                                                                                              12e deel (1849)


Wyns, d. prov. Friesland, kw. Oostergoo, griet. Tietjerksteradeel, arr. en 1 uur W.N. van Leeuwarden kant en 5 uur N.W. van Bergum, aan de Ee of Dokkumer trekvaart. Men telt in dit d. hetwelk uit eenige verspreid liggende boerenplaatsen en arbeirderswoningen bestaat 25 h. en 130 inw. die in landbouw en veeteelt hun bestaan vinden. De landerijen onder dit land behorende zijn wei- en hooilanden en loopen in het oosten tot aan de Murk. In het noorden ligt een uitwatering, de Uilemeer genoemd. Door dit dorp loopt ook over de Mieden een rijweg van Leeuwarden naar Oudkerk en Oenkerk, die alleen gedurende den zomer ongeveer jaar bruikbaar is. Eindelijk ligt niet verre van de Oudkerkstermiedweg of Rhaladijk een thans opgedroogd meertje Antje Jetsemeer genoemd.
De hervormden, ongeveer 110 in getal, behooren tot de gem. Oenkerk-Giekerk en Wijns, welke hier eene kerk heeft, zijnde een klein, maar tamelijk net gebouw met een stompen toren, doch zonder orgel.
De doopsgez. die men er 8 telt, behooren tot de gemeente Warrega; de R.K. van welke men er 5 aantreft parochiren te Leeuwarden. De dorpsschool wordt door 45 leerlingen bezocht. Ongeveer uur N.O. van Wijns werd, in den aanvang van den twaalfde eeuw, door den eersten Abt van Maringaarde, een Nonnenklooster gesticht, van de orde der Premonstratenzers. Het droeg de naam van Bethlehem en is met de overige van dien naam voor lang vernietigd.



Ut: ???

Wijns – Betalingsordonnantie van 24 mei 1634. Jelle Reijners, meester Glaesmaker voor het maken van een glas in de kerk te Wijns, de somma 25L. G f 50 – 17.

1638/’39. De kerkvoochten tot Wijns XXV hen bij den Have tot een nieuw glas in hun kercke vereert, R. 56e. Rek. v.d. rentmeester der Domeinen 1638/’39.

_________________________________



134%20Zuivelfabriek.jpg
Svelfabryk Bartlehiem